Ynbraak doarpshûs Kol'sweach
Yn it doarpshûs yn Kollumersweach is yn de nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen. De ynbraak soarge foar in soad skea. Sa waarden ferskate kasten iepenbrutsen. Der waard neat meinaam.
Yntusken hat der in buertûndersyk west. De technyske resjerzje docht noch in spoare-ûndersyk.