Fiskers moatte otter beskermje

Beropsfiskers soene ferplichte wurde moatte om in saneamde stopgrid, in soart fan raster, foar de fûken te setten. Op dy wize kin foarkaam wurde dat jonge otters yn de fûken fersûpe. It Fryske Gea stelt dizze maatregel foar. Fiskers yn Nasjonaal Park de Alde Feanen brûke de spesjale fûken al. It Gea soe graach sjen dat oerol yn Fryslân stopgrids brûkt wurde.
It tal otters yn Fryslân nimt ta, mar der geane ek faak bisten dea at se op syk binne nei harren jachtgebieten.