Noardewyn nomineard foar priis

02 des 2009 - 21:07

It programma Noardewyn fan Omrop Fryslân radio is ien fan de tsien nominearden foar de LC Publykspriis 2009. De winner fan dizze jierlikse priis fan de Ljouwerter Krante en Friesland Pop wurdt keazen troch it publyk.

Tusken 9 en 16 desimber kinne minsken op de website fan de LC harren stim útbringe. De winner wurdt op 19 desimber bekend makke. De priis bestiet út in jildbedrach fan tûzen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)