Nij:de Sweachster roggetruffel

'Restaurette' it snackbearske is ien fan 'e inisjatyfnimmers fan 'e roggetruffel
Yn Beetstersweach krijt wethâlder Klaas de Boer freed de earste roggetruffel oanbean. Dizze Sweachster roggetruffel is spesjaal makke om Beetstersweach en omkriten op de kulinêre kaart te setten. It hapke is ûntstien út in gearwurking tusken in snackbar en in breabakker.
De truffel hat dan ek brea en tsiis as basis en is neffens de makkers hiel geskikt as buorrelhapke. It doel is dat de truffel yn it hiele lân ferkocht wurde sil.