Plysje tefreden oer kamera's

Byld fan bewakingskamera yn 'e Doelesteech
Tiimsjef Sylvia te Wierik fan 'e plysje yn Ljouwert is tefreden oer it weromrinnen fan it stappersgeweld yn de binnenstêd. Te Wierik makke woansdei teagearre mei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert de lêste feilichheidssifers fan de stêd bekend.
It tal ynsidinten yn de útgeansoeren is de lêste twa jier mei trije % werom rûn. Dat is minder as de doelstelling fan 15 prosint, mar dochs is plysjesjef Sylvia te Wierik net ûntefreden.