Ferset tsjin filla's De Sweach

It Van Lyndenbosk moat soe wike moatte foar huzen en apparteminten
It Platfoarm Leefberens Beetstersweach ferset him tsjin plannen fan de gemeente Opsterlân om yn it Van Lyndenpark fiif lúkse filla's te bouwen. Om dy bou mooglik te meitsjen, moat 3,3 bunder bosk kape wurde.
It Platfoarm fynt dit gjin goed idee, ek omdat de gemeente altyd o sa duorsum wêze wol. De aksjegroep hie op it plak fan de filla's leaver in brede skoalle sjoen. Boppedat hie de gemeente sels earst ek hiel oare plannen mei it Van Lyndenpark.