Reboelje PvdA Smel'lân

02 des 2009 - 09:21

Ofdielingsfoarsitter Reimer van Ruiten fan 'e PvdA yn Smellingerlân leit dy funskje del. Hy is ûntefreden oer syn 14e plak op de list foar de kommende gemeenteriedsferkiezings dat er fan de PvdA-kieskommisje krigen hat: hy stiet op in ûnferkiesber plak.

Van Ruiten sil in kampanje begjinne om nei de ferkiezings fan maart takom jier mei foarkarsstimmen dochs yn de gemeenteried te kommen. Fise-foarsitter Frans Lausberg nimt it foarsitterskap fan him oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)