550 nije banen yn Ljouwert

01 des 2009 - 22:49

De miljoene-ynvestearrings dy't de gemeente Ljouwert de lêste jierren dien hat yn de kennisekonomy hat resultaat. Yn totaal binne der 550 wurkplakken yn de stêd bykaam, neidat de gemeente bot ynfesteard hat yn de sektoaren wettertechnology, duorsume enerzjy, tsjinstferliening en toerisme.

De gemeente hat sels 7,5 miljoen euro yn projekten stutsen, it bedriuwslibben dêrnei 136 miljoen. Dit is útsocht troch in ekstern buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)