Disko Bantegea wer los

01 des 2009 - 21:09

De diskojûnen yn Bantegea kinne de kommende moannen wer trochgean. De gemeente Lemsterlân en it bestjoer fan it doarpshús yn Bantegea hawwe de ôfspraken foar de diskojûnen oanskerpe. Yn oktober rûn de diskojûn út de hân. In groep jongeren kearde har doe tsjin de plysje en dêr foelen ek klappen by. De diskojûn fan novimber waard dêrom nei oerlis mei alle partijen ôflast.

Op grûn fan de nije ôfspraken kin de disko no wer trochgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)