Blessueres by SC Hearrenfean

01 des 2009 - 20:06

SC Hearrenfean giet net op folle sterkte rjochting Portugal foar de wedstriid tsjin Sporting Lissabon. Trainer Jan de Jonge moat it sûnder de skorste Janmaat dwaan, mar mooglik ek sûnder Elm, Svec, Bak Nielsen en Papadopulos, dy't in blessuere hawwe.

De Jonge nimt 21 man mei en hopet dat er net al tefolle wizigings yn de opstelling hoecht te meitsjen. It team hat neffens him ferlet fan fêstichheid, benammen tsjin in tsjinstanner lykas Sporting Lissabon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)