Sineeske frou gie sels fuort
De Sineeske frou en har soantsje dy't sûnt moandei 23 novimber fermist wurde, binne nei alle gedachten út harsels fuortgien. Fanwege de fermissing ferstjoerde de plysje yn Ljouwert in burgernetaksje nei sa'n 3800 minsken oan meidiene.
De plysje hat de saak noch wol yn ûndersyk en wol noch hieltiten graach yn kontakt komme mei de frou.