Doch hoareka yn stasjon Marrum

Stasjon stiet al seis jier leech
De eigner fan it stasjonsgebou yn Marrum, projektûntwikkelder Klaas Smit, is noch hieltyd fan plan dêr in hoarekagelegenheid yn te begjinnen. Dat seit er nei oanlieding fan útspraken fan de gemeente Ferwerderadiel.
It gemeentebestjoer wol it stasjon sa gau mooglik weromkeapje en it in iepenbiere funksje jaan. It stasjon is seis jier lyn folslein restaurearre, mar stiet sûnt dy tiid leech. Smit kocht it goed 3,5 jier lyn.