Taakstraffen Cambuurfans

Yn heger berop hawwe Cambuursupporters dy't belutsen wiene by de rellen nei de wedstriid tsjin Roda JC yn juny ek allinne taakstraffen krige. Fjouwer fans krigen taakstraffen tusken de 60 en 180 oeren. Ien krige ek in selstraf omdat er al in strafblêd hie.
It Iepenbier Ministearje woe graach dat hegere straffen oplein waarden foar it geweld tsjin de plysje. Mar it gerjochtshôf fûn dat der net genôch bewiis wie om de supporters te feroardieljen foar swiere mishanneling.