Kâns oplossing Trion-LSV nihyl

De kâns dat de bedriuwen Trion en LSV harren konflikt noch oplosse, liket nihyl. De sosjale wurkfoarsjenning Trion levere meiwurkers oan LSV op De Westereen.
Neffens LSV wiene der ôfspraken oer hoefolle it bedriuw foar dy minsken oan Trion betelje moast. Mar Trion begûn ynienen folle hegere rekkens te stjoeren. LSV betelle lykwols net. Trion rôp de 70 wurknimmers werom en dy sitte no thús. LSV praat fan East-Europeeske tastannen.