Nominaasje reklameburo It Fean

Reklame- en kommunikaasjeburo Camerik Voortman fan It Hearrenfean is nominearre foar de eParticipatie Award 2009. Dat is in priis foar in reklamekampanje dêr't ynternet by brûkt wurdt.
Camerik Voortman makke in kampanje foar de gemeente Almelo om in nije boargemaster te finen. Dêrmei koene de ynwenners fan Almelo ek har ynbring hawwe by it kiezen fan in boargemaster troch bygelyks it ynfoljen fan in enkête.