Gaslucht by Douwe Egberts

De brânwacht fan Skarsterlân is tiisdei útrukt foar in gaslek op it terrein fan Douwe Egberts Tabak oan de Ljouwerterwei op 'e Jouwer. Om healwei alven hinne rûkten meiwurkers in gaslucht.
De bedriuwsbrânwacht koe it probleem sels oplosse. It soe gean om in lek yn in akkuromte. It korps fan Skarsterlân is werom nei de kazerne gien.