Fryske Marktplaats skoart goed

De ferkeapside tekeapynfryslan.nl hat yn in wike tiid 1,6 miljoen hits krigen. Op de side binne yntusken 1000 advertinsjes pleatst. De advertinsjes op de ferkeapside meie yn it Frysk of yn it Nederlânsk opsteld wurde. Der wurde allinnich tsjinsten en guod oanbean yn Fryslân.
Sa hoege keapers fan bygelyks in twaddehânsbankstel net fier te reizgjen. It te ferkeapjen guod kin ek nei it kantoar fan tekeapynfryslan.nl yn Snits brocht wurde.