Needopfangen yn aksje

01 des 2009 - 10:52

De gearwurkjende needopfangen yn Fryslân freegje omtinken foar de 160 minsken yn Fryslân dy't sy noch altyd helpe. It giet om minsken dy't hjir wol legaal binne, mar net wenje, wurkje of studearje meie.

Tongersdei sille de needopfangen 160 skuon opsette by de Waach yn Ljouwert. Dêryn sitte winsken fan flechtlingen, lykas in eigen bêd of de kâns om nei skoalle te gean. Steatssekretaris Albayrak wol alle needopfangen yn Nederlân op 1 jannewaris 2010 slute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)