Alde Feanen nachts te ljocht

01 des 2009 - 10:25

It is nachts te ljocht yn en om nasjonaal park De Alde Feanen en dat moat oars. Oer in jier moat der in plan lizze om de ljochtfersmoarging werom te bringen. Dat kin troch besteande ferjochting te dimmen of nei tolven út te dwaan of troch spesjale led-ferljochting te brûken.

Der wurdt ek tocht oan grien ljocht. Dat wurdt op see brûkt om't fûgels dêr gjin lêst fan ûnderfine. It kin net brûkt wurde op it lân omdat ynsekten en oare bisten der wol op reageare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)