De Boer nije foarsitter KNKV

Distrikt Noard fan it kuorbalbûn KNKV hat in nije foarsitter. Adde Klaas de Boer út Spannum folget âld-foarsitter Jaap Broersma op. Broersma wie al yn novimber 2008 fuortgien. De 63-jierrige De Boer is al hiel lang aktyf yn de sportwrâld. Op it stuit is er noch kuorbalskiedsrjochter.
De nije foarsitter moat aanst bestjoerlike lieding jaan oan de 120 kuorbalferienings fan distrikt Noard. Fan 1 jannewaris 2010 ôf sil De Boer oan de slach.