Auto pear kear oer de kop

01 des 2009 - 10:10

In 41-jierrige frou út Ljouwert is moandei op de A32 by It Hearrenfean ferwûne rekke by in ûngelok. De frou kaam mei har auto yn de berm en ferlear de macht oer it stjoer. Se sloech in pear kear mei har auto oer de kop.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)