Man op snorfyts omkaam

01 des 2009 - 09:54

In 75-jierrige man út Ljouwert is moandeitemiddei yn syn wenplak troch in ûngelok om it libben kaam. De man wie op de Henri Dunantwei op syn snorfyts tsjin in auto oanriden.

De man rekke slim ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is er letter ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)