Spesjale globes yn Planetarium

01 des 2009 - 09:38

Yn it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer binne de kommende moannen twa bysûndere miniatuerglobes út 1606 te sjen. De twa wrâldbollen binne fan de ferneamde VOC-kartograaf Willem Jansz. Blaeu. By in feiling yn Sweden kamen de globes koartlyn boppe wetter.

In samler út Amsterdam kocht it pear. De nije eigner hat de twa bollen foar in pear moanne oan it Planetarium yn brûklien jûn. Se binne 13,5 sintimeter yn trochsneed en stelle de himel en de ierde foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)