Jild foar tsjerke Kimswert

De Laurentiustsjerke yn Kimswert krijt 80.000 euro subsydzje fan de provinsje. Mei it jild kin de tsjerke geskikt makke wurde om útstallingen, rûnliedingen en kulturele aktiviteiten yn te organisearjen. De tsjerke wurdt op it stuit fan binnen restaurearre. Earder waard de bûtenkant al oanpakt.
De restaurearre Laurentiustsjerke wurdt yn maaie offisjeel wer yn gebrûk naam. De subsydzje komt út de pot Plattelânsprojekten.