Earste winst froulju It Fean

Lieke Martens oan de bal (foto Martin de Jong)
De fuotbalfroulju fan de Sportklup Hearrenfean ha de earste winst fan it seizoen helle. FC Twente waard op Sportpark Skoatterwâld mei 4-3 ferslein. De thúsploech naam troch Sylvia Smit (2x), Jorike Olde Loohuis en Lieke Martens in 4-0 foarsprong. It wiene de earste doelpunten dit seizoen fan de Feanster fuotbalsters.
FC Twente kaam nei de 4-0 achterstân sterk werom. Suzanne de Kort en twa kear Carola Winter brochten de einstân op 4-3.