Fans Eagles wolle dochs komme

Fans Go Ahead Eagles wolle nei Ljouwert ta
Supporters fan fuotbalklup Go_Ahead Eagles binne freed dochs fan doel om nei Ljouwert ta te kommen, ek al hat boargemaster Crone dat ferbean. Op ynternetfoarums fan de Eagles-supporters wurdt oproppen om mei de trein nei Ljouwert ôf te reizgjen.
Se binne net wolkom, om't earder dit seizoen de supportersbussen fan Cambuur bekûgele waarden troch fans fan Go Ahead Eagles. It ferbod kin troch Eagles-fans ek noch oanfochten wurde by de rjochter.