Cambuur ferspilet punten

SC_Cambuur hat moandeitejûn djoere punten ferspile. De Ljouwerters kamen op eigen fjild net fierder as in 1-1 lykspul tsjin Telstar. De ploech út Velsen spile hiel negatyf en wie tefreden mei in punt.
Telstar kaam sels op foarsprong troch in penalty fan fan Erwin Koen. Pas yn de 82e minút sette Mark de Vries de lykmakker op it boerd. Go Ahead Eagles en De Graafschap wûnen wol. Cambuur is no tredde mei 39 punten út 19 wedstriden.