Santich wurknimmers Trion thús

30 nov 2009 - 16:49

Sawat santich wurknimmers fan sosjale wurkfoarsjenning Trion yn Kollum sitte wurkleas thús. De meiwurkers binne detasjearre by de bedriuwen LSV fan De Westereen en beammekweker De Triemen. Dy twa ûndernimmings hawwe in grut finansjeel konflikt mei Trion.

De kâns dat Trion en LSV harren konflikt noch oplosse, liket nihyl. De saak tusken Trion en de twa bedriuwen wurdt no foar de rjochter brocht. Foar de meiwurkers wurdt socht nei in oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)