Acht doarpen T'diel yn ferset

De lytsere doarpen komme yn ferset tsjin de nije struktuerfisy fan 'e gemeente
Acht doarpen fan Tytsjerksteradiel komme yn ferset tsjin de nije struktuerfisy fan 'e gemeente. De gemeente wol allinnich nijbou tastean yn grutte plakken lykas Hurdegaryp, Burgum en Gytsjerk/Oentsjerk. Yn de lytsere doarpen mei allinnich boud wurde binnen de doarpsgrinzen.
De doarpsbelangen binne benaud dat dêrtroch de doarpen leechrinne en ha dêrom in lulke brief oan de leden fan de gemeenteried skreaun. Op 17 desimber praat de ried oer de nije fisy.