Fleane boppe Waad oan bannen

30 nov 2009 - 12:15

De Nederlânske loftfeartferiening KNVvL is benaud dat der yn 'e takomst hast net mear flein wurde kin boppe it Waadgebiet. Minister Verburg fan natoer wol it gebied opnimme yn Natura 2000. De loftfeartferiening is benaud dat dit fiergeande gefolgen hat foar it fleanen mei lytse fleantugen boppe it Waad.

Neffens de regels fan 'e feriening fleane piloten no op 300 meter boppe de Waadsee. Neffens Natura 2000 soe dit 750 meter wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)