Tryntsje van der Zee ferstoarn

Tryntsje van der Zee
Toanieloersetster Tryntsje van der Zee is sneon yn 'e âldens fan 69 jier ferstoarn. Van der Zee wie ferbûn oan Tryater. Se hat sa'n 60 bûtenlânske toanielstikken oerset foar Tryater en amateurselskippen. Foar dit oersetwurk krige se yn 2008 de Obe Postmapriis.
Neffens de sjuery hat se mei har oansprekkende taal bydroegen oan it sukses fan Tryater. Van der Zee wie al wiken slim siik. Se wie de widdo fan Pyt van der Zee, de eardere artistyk lieder fan Tryater.