Solo-ambulânse ynset yn Snits

Yn 's Súdwesthoeke giet no ek in solo-ambulânse op paad
Yn 'e buert fan Snits wurdt moandei foar it earst in solo-ambulânse ynset. Dat is in ambulânse dêr't allinnich in ferpleechkundige yn wurket. Yn oare sike-auto's wurkje altyd twa minsken.
De solo-ambulânse kin help ferliene by lytse ûngelokken of kollega's fan in oare ambulânse helpe. De meldkeamer sil ynskatte wannear't de solo-ambulânse ynset wurde kin. Neffens it sikehûs yn Snits bart it faak dat wol medyske soarch frege wurdt, mar dat de pasjint net nei it sikehûs hoecht.