Auto oer de kop op A32

30 nov 2009 - 09:56

In noch ûnbekende automobiliste is moandeitemoarn op de A32 by It Hearrenfean oer de kop slein. De frou ried fan Akkrum rjochting It Hearrenfean en sloech by de ôfslach troch noch ûnbekende oarsaak oer de kop.

De auto kaam wol wer op de tsjillen telâne. De frou is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)