Wentebrân yn Langwar

In wenning oan de Koevorderhuis yn Langwar hat sneintenacht flink wat skea oprûn troch in brân. It fjoer wie troch noch ûnbekende oarsaak ûntstien op 'e souder fan it hûs. De bewenners koene op 'e tiid nei bûten komme, mar hiene wol reek binnen krigen. Se binne behannele troch ambulânsepersoniel.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De wenning hat in soad reekskea oprûn.