IIsbûn benaud foar ûngemakken

Foto: Lenus van der Broek
De Friesche IJsbond is benaud foar ûngemakken en ellinde yn de kommende froastperioade. Ferline jier wiene der in protte reedriders dy't tefolle risiko's namen en troch it iis sakken. Dêrby ferstoar ien persoan.
Neffens foarsitter Jan Oostenbrug feroarje minsken by froast yn 'ûnlate projektilen' en komme der troch de kommunikaasjemiddels fan hjoeddedei folle mear minsken nei plakken der't iis leit.