Subsydzje foar Aqua for All

29 nov 2009 - 13:21

It projekt 'Aqua for All' fan de Amelanner stifting Ontwikkelingswerk Theo Kiewiet, krijt 15.000 euro subsydzje fan de gemeente It Amelân. Mei it projekt wol de stifting Amelanners belûke by it drinkwetterprobleem yn Azië en Afrika.

Kiewiet is belutsen by projekten yn Nepal en Kenia. Hy wol wetterputten en biogashúskes bouwe litte. Neist de subsydzje hopet Kiewiet noch 50.000 euro op te heljen fia in hûs-oan-hûs kollekte

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)