Treprinne tsjin aids

De Aldehou kin tiisdei beklommen wurde
De gemeente Ljouwert docht tiisdei mei oan de wrâld-aidsdei. Op inisjatyf fan de stifting Gay Leeuwarden kinne minsken jûns fan acht oere oant nachts tolve oere de Aldehou beklimme.
De opbringst fan de ferkochte kaarten giet nei Stop Aids Now, de gearwurkingsorganisaasje fan it Aids Fonds, Cordaid Memisa, Hivos, ICCO en Oxfam Novib. De aksje hat de namme 'Traplopen tegen aids' meikrigen.