Petear oer loadstariven Harns

De haven fan Harns
In oantal Twadde Keamerleden is moandei yn Harns om te praten oer de ferheging fan de loadstariven. Sûnt ferline jier wurde alle kosten foar de ynset fan loadsen trochberekkene oan de skippen.
Omdat yn ferhâlding mar in lyts oantal skippen de havens yn it noarden fan it lân oandocht, binne de kosten it skip hjir heech. Oant no ta waard dat opfong mei subsydzjes, mar dy ferdwine. Dêrneist wol it loadswêzen de tariven ferheegje fanwege de resesje.