Korpssjef plysje wennet gratis

29 nov 2009 - 10:12

Korpssjef Magda Berndsen fan de plysje Fryslân wennet hielendal fergees yn har appartemint yn Ljouwert. Har plysjekorps betellet de hier fan goed 760 euro yn de moanne. Dat docht bliken út ûndersyk fan it RTL Nieuws.

De belestingtsjinst beskôget dit as lean yn natura en heft dus belesting. It plysjekorps betellet dy belesting. Dit is mooglik yn striid mei de regels. Berndsen krijt ek noch in pikettaslach fan hast 3500 euro yn it jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)