Twa winners yn Wommels
De heale maraton fan Wommels is sneon wûn troch Willem de Boer fan Eksmoarre en Jan Albert Veenema fan Snits. Beide atleten hiene hieltiid tegearre rûn en besletten sa ek oer de einstreek te kommen.
Se rûnen de heale maraton yn in tiid fan 1.20,17. Geert Sierd van der Zee fan Ljouwert waard tredde yn 1.26,39. Der wiene yn Wommels 187 dielnimmers.