Kontrakten mei amateurspilers

28 nov 2009 - 16:24

It wurdt foar amateurklups mooglik om kontrakten ôf te sluten mei in spiler. De algemiene gearkomste fan it amateurfuotbal hat dat sneon yn Zeist besletten. It fuotbalbûn KNVB komt hjirmei temjitte oan de winsk fan in grut tal amateurferienings om oerienkomsten ôfslute te kinnen mei yndividuele spilers.

Oant no ta mochten amateurfuotballers allinnich troch tredden betelle wurde. It wie dêrom net ûngebrûklik dat amateurs 'swart' betelle waarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)