Iepen dei NHL goed besocht

28 nov 2009 - 16:06

Inkelde hûnderten minsken kamen sneon ôf op de iepen dei fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. It wie de earste kear dat studinten en aspirant-studinten de kâns krigen om yn it gebou oan de Rengersleane rûn te sjen.

It wie dan ek drokker as oare jierren op de jierlikse iepen dei. Aspirant-studinten koene in rûnlieding krije troch it nije gebou. It is de bedoeling dat it nije gebou fan de NHL jannewaris takom jier yn gebrûk naam wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)