Reliëf Bonifatius makke

Byld fan Bonifatius yn Dokkum
Keunstner Gosse Dam út Kollum hat in brûnzen reliëf fan de hillige Bonifatius makke. Dy komt te hingjen oan de gevel fan de St. Jozeftsjerke yn Grins. De Ingelske misjonaris waard yn 754 by Dokkum fermoarde.
Bonifatius wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it kristlik leauwen yn Noard-Nederlân. Gosse Dam syn ûntwerp fan Bonifatius is troch it bisdom keazen út fjouwer foarstellen. Earder makke hy ek in reliëf fan Martinus foar de St. Martinustsjerke yn Snits.