Auto tsjin beam riden

28 nov 2009 - 14:50

By in iensidich ûngemak op de Stellingwerfsterwei by Wolvegea is in auto tsjin in beam riden. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de automobilist de macht oer it stjoer kwyt.

De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle. Dy is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)