Fjild Frjentsjer ûnbrûkber

It fuotbalfjild fan Frjentsjer
It haadfjild fan fuotbalklup Frjentsjer kin dit wykein net brûkt wurde. It gers is te bot oantaaste troch in ploech kraaien. Dy binne yn it fjild op syk gien nei wjirmen en ha dêrmei it gêrs los helle. Op guon plakken is it sels hielendal fuort. It oantaaste fjild is no mei linten ôfsetten en deskundigen fan de gemeente sille besykje it gers wer op te knappen. Nei alle gedachten kin it fjild yn elk gefal oant de winterstop oer goed twa wike net brûkt wurde.