Mishanneling yn Twizelerheide

28 nov 2009 - 12:42

Twa ynwenners fan Twizelerheide en in ynwenner fan Burgum binne ferline wike oanholden op fertinking fan swiere mishanneling. De manlju wiene ein oktober belutsen by in fjochtpartij yn in hoarekagelegenheid yn Twizelerheide.

By de rúzje waard in 40-jierrige ynwenner fan Sweagerbosk belage. De man besocht him te ferdigenjen mei in mes. Ien fan de besikers sloech in bierflesse by de man op de holle stikken. Hy rekke dêrby ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)