Gjin spitsheffing Ljouwert

CDA-Keamerlid Sander de Rouwe
Der komt gjin spitsheffing om Ljouwert hinne. Dat is de kommende 25 jier ûnbesteanber foar it CDA. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe yn it programma SneonS.
De spitsheffing jildt allinnich foar de Rânestêd en net foar it plattelân. Dêr wurdt allinnich it kilometertaryf betelje. Neffens De Rouwe falt de heffing geunstich út foar de measte Friezen om't dy minder autoride. Hy tinkt ek dat hjir aanst mear auto's ride om't de oanskafbelesting ferfalt.