FNP is âldmannepartij

27 nov 2009 - 20:40
De FNP-leden hawwe in gemiddelde leeftiid fan 60 jier

De FNP is in âldmannepartij dy't benammen rjochte is op taal en kultuer. Dat docht bliken út in ûndersyk dat Arno van der Zwet dien hat nei de partij. 71 persint fan de leden is man en de trochinoar binne se 60 jier âld.

It grutste part fan de leden fynt taal en kultuer de belangrykste ûnderwerpen fan de FNP. Oer wrâldproblemen lykas klimaatferoarings meitsje de measte Frysknasjonalisten har gjin soargen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)