Jorritsma rydt op bio-etanol

De âlde tsjinstauto's wurde ferkocht en ferfongen troch miljeufreonliker auto's
Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma en alle deputearren ride meikoarten yn in Volvo op bio-etanol. Dat hat it kolleezje besletten. De auto's ferfange de Audi's en BMW's dêr't se no yn ride.
De steaten hiene yn in moasje frege om nije tsjinstauto's op in alternative brânstof om sa bij te dragen oan in duorsume regio. It Fryske kolleezje woe earst oer op de Audi A6 op ierdgas, mar dy wurde net makke. De nije auto's kostje 51.000 euro it stik.