Nij ûndersyk yn moardsaak

27 nov 2009 - 14:45

Trije wittenskippers sille op 'e nij besjen wat it effekt wie fan it medisyngebrûk fan 'e fertochte fan 'e moard op Murkje de Vries fan Koatstertille. Dat hat it hôf freed bepaald. Fierder sille de eks-partner fan 'e fertochte en de húsdokter fan De Harkema heard wurde. Sy kinne mooglik wat fertelle oer it medisyngebrûk fan 'e fertochte.

De saak sil pas yn de maaitiid fan 2010 behannele wurde. Sa lang bliuwt de fertochte wol fêstsitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)